Gorredijk

Terug naar boven

Oantinkings fen in ald Gordykster

Yn 'e Gordyk witte se fen feest-hâlden. Krekt hawwe se it 50-jierrich bistean fen 'e skoalle fierd en nou binne se al wer yn de winkelfeesten! Als âld-Gordykster moast ik fensels nei it jübileum-feest fen 'e skoalle. Hwent: 

As ik oan myn bernejierren, 
Oan det golle boartsjen tink..... 

den is de Gordykster skoalle en de Gordyk sels der tige mei forboun. Ik ha wer yn 'e skoalle west én de plakken opsocht, hwer't ik as bern sitten ha. De hokken ha ik mar oerslein, howol ik mear den ien ûre yn ien der fen trochbrocht ha. En dot ik dêr yn it efterste lokael boppe stie, seach ik de twadde bank by it raem, dêr't ik sitte moast do't ik krekt yn de saunde klasse kaem. En ik tocht oan Minke, dy't nest my siet. Scoe hja noch witte, hot wy mei ikels boarten — yn skoalle fensels — en der moaije widskes en kakstoeltsjes fen makken? Ho't ûs griffeldoaze fol siet mei lytse lapkes en sok spil for poppekeammerkes? Minke, dy't hjar earen biwege koe. Ja, hja wier de ienmichste út de hiele klasse, dy't det koe. Master hie forteld, det de minsken det froeger kind hienen, yn hiel âlde tiden — en nou moasten wy soks ek prebearje. Mar al litsen wy noch sokke rare troanjes, it woe net lokke. Mar den Minke! Ik koe myn plasse biwege, mar dêr hie'k al faek ris in foarstelling fen jown, det wier âld nijs. En det wier neat by de earen fen Minke! En as it Snjeons foar Gordykster merke wier en wy, famkes, yn detselde lokael handwirkjen hienen! 0, det wier den gjin wirk! Den waerden der efter op it lân de mallemounle en de loftskommel opboud, det by de finsters to sjen, wier. Lokkich wier ik kachelstookster en gyng al ris in kear faker as oars nei de kachel to sjen, dy't yn 'e hoeke by it raem stie. Sa koe ik de bern, dy't yn in oare rigele banken sieten, hwet op 'e hichte hâlde. In makkelike klasse hie ús jiffer san moarn net. Dêr kaem noch by, det de jonges Snjeon-to-moarns altiten frij wiernen. Det stiek ús altiten de eagen al út. mar as wy se den sa'n moarn op it merke-lân omspoekjen seagen, den wierne wy pûr. Hwerom learden dy gjin naeijen en breidzjen? 't Wier al ûngelyk fordield yn 'e wrâld, founen wy. 

,,De Vriendenkring". 

Nou hie de skoalle 50 jier bistien en fensels kaem my do it feest yn it sin, det wy hawn hienen do't „De Vriendenkring" (sillich oantinken!) syn 50-jierrich feest hie. Det wier yn 1902 en wy wiernen dochs san toalve jier âld, mar mochten dochs oan 'e optocht meidwaen: foar ef efter de weinen rinne yn in moaije jurk, in krânske yn it hier en in stôk mei roazen yn 'e hân. De foarpret wier hast it moaiste. Hwent de strjitten scoenen forsierd wirde en nou moasten der in hiele heap roazen makke wirde. Wiken fen to foaren mochten wy yn ús frije tiid nei de Waech ta om roazen to meitsjen. „Poutsma"  sa as wy mar famyljaer seinen út Rotterdam, learde it ús en wy koenen it al gau út 'e pinne. De greate famkes makken ek noch in oar soarte, dy kamen oan 'e stokken, dy't wy drage moasten. Jonge, hwet wier it in moai spil. Wy mochten der by prate, sjonge en laitsje, safolle as wy woenen en it spiet ús, det der einliks genôch roazen wiemen. De brêge fen nou brocht my ús âlde brêge yn it sin. Hwent dêr koenen wy sa moai ûnder boartsje! En bang hoechden wy net to wezen, hwent wy seagen „Fokke" wol oankommen: dy moast earst de Slüzen regelje, foardet de brêge ôfdraeid waerd en den wiernen wy yntiids wol foart. En hwet siet it der moai, as der in tram oer ried. Wol wiernen wy yn ús herte altiten bang, det er der trochfalle scoe, mar det barde dochs nea. By de brêge wier de „Koarnbeurs" mei syn stek om it hiele hûs hinne. Hwet hawwe wy dêr ek faek op sitten! Sims stie de dillesjans fen Easterwâlde dêr en dêr mochten wy in inkelde kear ek wolris yn boartsje. Jonge, jonge, men tocht de beide hynsders der mar foar en den gyng it der fen troch! Efter oan 'e „Koarnbeurs" wiernen de stallen. De fierste wier ek al in boartersplak fen ús, binammen by reinich waer. Dêr stie ek de bakkerswein fen Huisman yn. Sokke sjocht men nou net mear. De wein wier uzes mei, sa like it wol. En sels efter yn 'e wein, wier 't noch net donker, hwent it tek wier fen skier ketoen. Mei dy wem gyng de bakker de bûtenklanten bylâns. It wier deselde bakker, dy't mei it 60-jierrich bistean fen „De Vriendenkring" yn 'e tinte „Bianca" foar it front kaem mei yn eltse earm in lange wite bôle en den foroare yn in blommekoer. Och, hwet laken de minsken en bakker sels hie wol de measte wille. En do't de Sneins fen it skoalfeest de jonges oan it seilkrûpen wiernen, mompelde ik yn mysels: „De Zeeslang". Unbigryplik, net wier? Mar ik tocht oan detselde 60-jierrich bistean, hwer't in „Kermesse d'Eté" oan forboun wier. Dêr wier de tinte mei de Zeeslang. De man, dy't mei det bist op it lân stie, wier ek in bakker. En hwet for in bakker! Syn fiten waerden faeks by ús thús forteld en hy kin nea tankberder tahearster hawn ha, as ik wier. Hy liet bygelyks immen, dy't folie by him oan hûs kaem en faek syn „rie" ynwoun en dy't ris in dei mei de tram foart scoe, al fen to foaren in brievekaert op 'e bus dwaen oan syn frou, det er goed oerkommen wier. De man moast do noch yn 'e tram stappe. Sokke stikken hie er altiten. De Gordyksters wisten wol, det hja nimmen better by de Zeeslang sette koenen as dizze bakker. Hy hie ek in seil oer 'e groun lizzen en by eltse nije kloft bisikers yn syn tinte wist er wol sa to sjen, det dêrtroch allinne it publyk al miende, det de séslange ûnder det seil siet. Boppedien waeide it der noch ris under ek, sadet itt like, det der libben under wier. Den as elts miende, det dêr de séslange under siet  stits er in spiets óf, det it folk lake det it skodde. En de Zeeslang" seagen hja ek, al wier it hiel wet oars as se tochten.

Gjin joaden en gjin mounlen mear.

Do't ik Snjeon-to-middeis oankaem mei it koalfeest, wier it al drok yn 'e pleats. Det die my tinken oan froegere Snjeon-to-moarnen, as de Joaden drok troch it doarp kuijeren, ljeafst mei hjarren hiele famylje. Det lei hast al in Sneinsk stimpel op dizze dei en like tige fleurich. Oaren moasten strjitskrobje en skreppe, hja kuijeren. As bern foun ik det hertsearich: dy bern hienen twa kear sa folie Sneinen as wy en... de famkes hienen op Snjeon ek gjin trije ûren handwirken efterenoar. Hja hienen noch wol skoalle by de Joadske master, dy't do nêst de Joadske tsjerke wenne, mar det like ús mear in pretsje ta. Hwa scoe dotiids tocht hawwe, det de Gordyk ienris sûnder de soannen fen it âlde folk sitte scoe? Hja wiernen do in libben stik Gordyk  en nou't hja hast allegearre foart binne, is mei hjarren ek in stik fen it alde Gordyk fordwoun. Den de seis mounlen. Mei hjarren is it krekt sa gien. As men fen 'e Feanster kant kaem, seach men fen fierren dy seis mounlen al. In prachtich gesicht. By de tolhikke stie de earste; men hie de houtmounle en dy fen Jaep Sikkes op 'e Mounlewâl; de iekmounle op item oan de oare kant; op 'e Stasjonswei swaeide de „Morgenster" syn machtige wjukken en op item fen 'e Brouwerswâl stie de seisde. Ik mien, det de „Morgenster", dy't ôfbarnde, do net wer ophoud is en dos de earste wier, dy't fordwoun. Nou is der noch ien oer, sûnder wjukken.

Alde plakjes.

En hwa rint nou noch ris it Skeanpaed lans nei de Hoarnedraei en oer Koartsweagen werom? Wier det Spinmûs-boskje net moai, al wiernen wy as bern wol hwet skruten for det iensume hûske, det der oan de ein stie? Hwerom wisten wy sels net. En wier der op det Ikenhiem dodestiids ek net inkelde kear „Bal-Champêtre"? By de herberg op 'e hoeke fen 'e Tolhiksleane wier det wol faker sa. Fensels gyngen wy as bern der ek hinne. Net om to dounsjen, mar omdet der muzyk wier en kreamkes mei snobbersgûd. 't Wierne moaije Snein-to-middeis for ús den, mar jouns mochten wy der net hinne! Sa wiernen wy der ek altiten by, as der strjitmuzyk wier. Det barde do net sa faek as nou. Den kamen de „poepen". En 't wier wûnderlik: sa gau as se bigounen to blazen, boarten wy krij-oan om de ljue hinne. En hja blaesden ûnforsteurd troch! Gyngen wy „Terwispel om", den kamen wy by it úthingboerd „De Scheepvaart" lâns. Elts koe det fine, lyk as de „Weiten Pyk" en it skearbekken fen Humalda. Misskien wierne der noch mear fen dy uthingboerden, mar det wit ik net mear. Wy boarten ek folie yn 'e stege fen smid Jongbloed. Nütsje-sjitte en keatsebalje koe men der  tige skoan. Dêr efter laei de kwekerij fen „Marechal". Wy mochten der rêstich yn rounrinne en sels wol de kassen bisjen. Jonge, det founen wy altyd wer oan sa moai! Wy kamen nearne oan, allinne rûkten wy wol ris tige forsichtich oan in blom. En moaije floxen wierne dêr! Letter ha ik altiten witten, hokker blommen det wierne, hwent dy hearden by myn bernejierren. Yn deselde stege wenne Sjoukje, dy't us breidzjen learde for ien dûbeltsje  yn 'e wike. Hwet ha wy der hwet ôfbreide! En mei Sjoukje's jierdei hienen wy noch feest ta. Sims hie mem in sint yn ús kleauwen jern woun, dos ho mear wy breiden, hwet earder dy sint fen us wier! En den nei it snobberswinkeltsje, hwer't nou in „heerenzaak" is; den koften wy for in heale sint in spinnekop en in healtsje werom, om efkes letter it oare healtsje to forsnobjen, omdet de frou den sa lilk waerd!
 

De âld brânspuit. 

Det wier ek altiten in feest: it prebearjen fen 'e brânspuit. It wier gjin motorspuit fensels, mar noch san âlderwetsken ien, hwêrby de manljue pompe moasten. Geregeld waerd er prebearre en dêr wierne wy by, det sprekt. Der wierne sels jonges, dy't den fen hjarren mem in âld pakje oankrigen om hjar wiet spuitsje to litten. En de âlde pipe- hâlder Pieter wist ek noch wolris, op syn ûnforwachts, in oar wiet to spuitsjen. Den gyng der in hoera op! En wy dounsen en songen fen:

 „hy wol wol, hy kin net!"

 Ik mien, det Pieter ek wolris apels mei foartspuite ef det der sinten yn 'e striel goaid waerden. Den de jonges oan it grabbeljen en den krigen wy fensels de striel op 'e nekke. En de mannen by de feart pompten mar troch en de „brandmeesters" stapten der tige wichtich by om, lange kleurde stokken yn 'e hân. As ik sa oan myn bernetiid werom tink, wit ik, det it net myn minste jierren west hawwe, dy't ik op 'e Gordyk trochbrocht ha. Gjin wûnder, det de Gordyk my noch altiten heech leit.             

 1937, L. (Hepkema's courant)

Meer foto’sLaatste foto’s