Gorredijk

Terug naar boven

Koartsweachster Skoalfeest



Ienris yn de twa jier wie yn Koartsweagen it ferneamde “School- en Volksfeest”. Al wiken fan te- foaren wie it in drokte fan komsa yn it doarpke oan de Opsterlânske Kompagnonsfeart. Meiïnoar soene we wer ris even sjen litte dat we op dat mêd folle mear mânsk wiene as it folle gruttere Gordyk! Der kaam hiel wat te sjen , alear’t sa’n skoalfeest foar elkoar wie en wat wiene der dochs in minsken foar nedich om sa’n feest op stokken te bringenen! Mar op saterdei seach it doarp der feestlik út. Oeral wapperen de flaggen en foar de skoalle wie in earepoarte oprjochte. Om ien oere wie de optocht foar de skoalbern, mei fansels it muzykkorps A.A.C. foarop. Dêr efter de earste en twadde klasse yn sneinske klean ! De famkes mei blommen yn it hier en moai fersierde bôgen tusken harren yn, de jonges mei flachjes yn ‘e hân. Dan de fersierde weinen mei “Readka-perke”, “Hâns en Grytsje”, “Nofrita” (foto) en fansels in ploech sigeuners. Oeral by de wei lâns en foar de hûzen stiene de minsken. In sjuery bepaalde wa’t hjir de prizen krigen. Nei de optocht giene de bern, âlden, pakes en beppes en oare nijsgjirrigen nei it feestlân, want dêr wiene de spultsjes om moaie prizen. Der wie ek in draaimole, in sjittinte, in snobberskream en de fiskkream fan Keimpe. Wy bern hiene moarns fan juffer bonnen krige foar koeke of snobbersguod en wy koene fergees yn de draaimole mei syn moaie wite hynderkes. Jûns wie yn de grutte tinte in toanielstik of kabaret fan bygelyks Tetman en Jarich en efternei dûnsjen. De bern mochten der net yn, mar wy slûpten faaks wol oant in oere of njoggen om ‘e tinte. Sneintemiddeis fan in oere of twa ôf wiene de folksspultsjes en dan stienen wy ús âlden of buorlju oan te moedigjen. De draaimole wie no omboud ta sweefmole. En wat frjemd om dan buorman of in oare bekende dronken te sjen! Jûns wie der wer in toanielstik of kabaret mei dûnsjen nei. Spitigernôch moasten wy dan wer twa jier wachtsje op ús karnaval, mar lokkich wie oan ‘e ein fan it skoaljier dan wol wer in skoalreiske! Feest en reiske wikselen inoar nammentlik ôf.

 

Anne Veenstra

Meer foto’sLaatste foto’s