Gorredijk

Terug naar boven

Skoalreiskes

Ienris yn de twa jier hiene wy op “O.L.S.Kortezwaag” foar alle klassen de ferneamde skoalreiskes. Wy wiene fuortendaliks nei it “School- en volksfeest” begûn mei sparjen troch alle moandeis in kwartsje (10 eurosinten) of in dûbeltsje (4 eurosinten) mei te nimmen nei skoalle. De trije leechste klassen sparren in dûbeltsje, om’t harren reis “mar” nei Appelskea gie. Myn earste skoalreiske wie yn 1947 en de gefolgen fan de Twadde Wrâldoarloch wiene noch te merken. De reis nei Appelskea gie net yn in lúkse touringcar, mar yn ‘e feewein fan Vleeshouwer! Wy sieten allegear kreas oan ‘e kant en om beurten mochten wy troch it foarste iepen lûkje sjen. Dêr wie spesjaal in ferheginkje makke, om’t wy fansels de lytse kante neist wiene. Nei in dei spitten en graven yn ‘e sânflakte en draven yn boarterstún “Duinen Zathe” kaam de ynhierde fotograaf. In pear dagen letter hong de foto foar it skoalrút en as wy de kosten foar de foto betelle hiene oan juffer, dan krigen wy dy in pear wike letter yn in slûf mei nei hûs. Twa molkbussen fol mei ranja gongen mei op reis en dy wiene nei de yntinsive dei skjin leech! Krekt as de pûdfollen broadsjes, al wie dêr nei in pear kilometer al in oanfal op dien!

 

De fjirde oant en mei de achtste klasse giene fierder fan hûs. Ik ha twa fan dy fiere reizen meimakke. De earste gie mei de bus fan Kalsbeek, Vleeshouwer en Duker oer de Ôfslútdyk nei Camperduin oan de Noardsee. Doe’t de dunen foar ús opdûkten, rôp Klaas Koelma fan achter út de bus: “Is dat de Hondsrug, meester?” By de twadde reis nei Rotterdam makken wy in rûnfeart troch de havens, besochten wy bistetún Blijdorp en kuieren troch de Maastunnel. Tjitse de Boer ûntduts yn de tunnel dat it dêr ôfgryslik galme, mar dat master dat net wurdearje koe, fielde er koart dêrnei mei in flinke feech om ‘e earen. Myn frou Sytske har fiere skoalreis wie nei Amsterdam, dêr’t Schiphol, dieretún Artis en de rûnfeart troch de havens djippe yndruk makken.

Anne Veenstra

Meer foto’sLaatste foto’s