Gorredijk

Terug naar boven

ÂLD EN NIJ

Der wurdt sein dat men neat mear foar jin krije kin foar it fjirde libbensjier. Dat leau ik wol, al tink ik ek wolris oars, want ik wit noch dat âld omke Lieuwe, dy’t neist ús wenne op ‘e Earste Wyk, oalje-koeken bakte op ‘e kachel yn harren foarkeamer. Ús nichtsje Antje is in pear moannen âlder as ik, en wy stiene der dan op ‘e noas by en fansels krigen wy ek wol ús part. It ôfsjitten fan de karbyd- bussen yn ‘e fierte heugde my ek noch. Mar myn tinzen oer âld - en nijjiersdei geane eins altyd oer de tiid nei’t wy yn myn seisde jier ferhuze wiene nei Koartsweagen en ik útfanhûs wie by pake en beppe op ‘e wiken yn Appelskea.

 

Op nijjiersdei gie ik dan al op ‘e tiid nei de buorlju, âld-buorlju en de famylje op ‘e wiken om harren it nijjier ôf te winnen troch fuortendaliks by it iepengean fan de doar “Segen yn ’t nijjier” te roppen. Ik krige dan oeral oaljeflutten, kniperkes, bowl en/of in berneslokje , in lyts gleske fan dy mjitske ber- nelikeur. Mar it wichtichste, dat ik krige wie it sulveren dûbeltsje of kwartsje mei de kop fan kening- inne Wilhelmina( 1898-1948) derop! Oan ’e ein fan de moarn wie’k sa mislik as in kat, mar ek ryk! Allinne fan de pubertiid heucht my âld en nij yn Koartsweagen en it fertôgjen fan bûtendoar steande spullen. Sa stie der ris in komplete boerewein op ‘e skoalle(2). Earst wie de wein op it plein demon- tearre en doe yn ûnderdielen op it dak brocht, dêr’t er wer yninoarsetten is. Boppe yn ‘e brêge(1) hong ris it sniewite tsiismakkerspak fan Jelle Stoelwinder, dy’t op it bûterfabryk yn Jobbegea wurke. Dochter Geartsje wie freondinne fan Sytske de Vries, dy’t no myn frou is, en frou Rika Stoelwinder wist dat Brant Slof en ik fereale wiene op Geartsje en Sytske. Dêrom sei sy taktysk, dat wy jûns efkes lâns komme mochten by Geartsje en Sytske as wy har de klean fan Jelle werom –bringe soene. Dat wie foar gjin dôvemansearen sein, mar ik doarde net yn ‘e brêge omheech. Brant wol, en ik profitearre ek mei en Rika beleanne ús mei in hapke en in drankje. Ik wit net mear oft wy as tank doe ek in tútsje fan de famkes hân hawwe! Wiebe Bleeker en Theun van der Brug praten ûnder in slokje op âldjiersjûn ris ôf om it nije jier te be- gjinnen mei in ûnderlinge reedrydwedstriid . Sa giene krekt nei tolven de ljochten oan op ‘e baan fan Hâld Moed en de twa oansangere cracks giene efter de miet stean. Doe’t Tinus Dijkstra it startskot jûn hie, stoden se op harren houtsjes útein, mar fuortendaliks sloech Theun oer de kop trochdat it haklear knapte . Dêrom koe dus ek net werstart wurde, slim spitich foar de taskôgers! Alles wat los en soms net te fêst siet waard fan de tichtbysteande hiemen nei in sintraal punt brocht, nijjierstôgjen hjitte dat. Guon minsken setten mei opsetsin wat bûten, om’t sy dat eins wol kwyt woene, de oaren moasten nei 1 jannewaris harren eigen spullen wer ophelje. Jelle en Rika Stoel- winder hiene it better besjoen! Nei it nijjierstôgjen kamen yn guon doarpen stadichoan de âldjiersploegen, lykas de Geitefok yn Aldeberkeap (4.5), mei stunts en garitative doelen, yn stee fan it tôgjen. Ús Auke wenne ein jierren fyftich yn dat Stellingwerfske doarpke oer de Tsjonger en Sytske en ik ha dêr doe in pear kear sa’n stunt mei de jierwiksel by de histoaryske tsjerke(3) meimakke.

 


3

4

5

Meer foto’sLaatste foto’s