Gorredijk

Terug naar boven

KOLLEKTEARJE FOAR IN ECHTE LEAREN BAL


1.

Yn myn jongesjierren wiene yn de Dûbele Strjitten (hjoeddedei “Hoofdstraat”) fan De Gordyk in hiel soad winkels en ien fan dy winkels wie de lear- en skuonwinkel fan Wagenaar. Nei Wagenaar kamen Harm van der Molen en Lolle van der Hoef yn dy saak .Yn de etalaazje fan Wagenaar hong in fuotbal- shirtsje fan v.v.Gorredijk en op in sokkeltsje lei in moaie brúnlearen bal mei derneist in pear Quick fuotbalskuon(3). Skuon mei in pear ferhurde snuten en hakken en mei proppen derûnder, dy’t opboud wiene fan lytse stikjes lear. Dy stikjes waarden byinoar holden troch se mei in pear spikerkes fêst te setten oan de soal. De skuon ferslieten laachje by laachje en dan kamen de spikerkes der trochhinne. Dêr koest de tsjinstanners in rare japs mei besoargje, mar bytiden kaam der ek wolris in spikerke troch de soal yn dyn eigen foet!


2.

Ús húshâlding makke regelmjittich op sneintemiddei in kuier troch de Wurkmansleane en dan pikten wy ek faak ris de etalaazjes yn de Dûbele Strjitten mei. Auke en ik fûnen eins allinne de boarters- guodetalaazje fan Rudolphy en dy mei dat shirtsje, bal en fuotbalskuon de muoite wurdich. Foar kafee Lingsma oer oan de oare kant fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart yn Koartsweagen wie “Veenstra’s lantsje”, ek wol “Houtsjekaamp” neamd .Fan de brêge ôf lei der in sânpaadsje nei “De Pôle” ta en oer dat paadsje(3,4) koest ek op it lantsje komme. Dêr rûn faak it hynder fan turf- en koalehannelers Geart en Anne Veenstra, mar it wie ek in trekpleister foar de fuotbaljende jeugd fan Koartsweagen. Teminsken as der ien mei in bal wie! En as der dan in bal wie, dan rekke dy al gau yn it stikeltried of yn de toarnbeiboskjes en dêr koene dy sloppe gummyballen net oer! Der wie noch ien dy’t op de bal loerde, te witten de âlde Anne Veenstra. Ûnder it fuotbaljen moasten wy goed it paad tusken Wiebe Hofma en en it giele sosjale wenningblok yn ‘t gatsje hâlde, want dêr doek de âld man meastentiids op. De keeper oan dy kant fan it fjild krige meastentiids te hearren dat er sa no en dan ek efteromsjen moast en as er “Veenstra” raasde, dan wisten wy wol hoe let it wie! De bêste bal, dy’t wy ea hiene kaam troch in kollekte yn ús aller besit. Wy hiene in listke makke, dêr’t elke ynskriuwer de namme opsette koe en mei potlead en papier giene wy fan hûs nei hûs en elken- ien tekene derop yn! Fansels seagen se earst wat de buorlju tekene hiene en meastal woene se net minder wêze. Op oanrieden fan Anne Klijnstra begûnen wy op ‘e Nijewei by arsjitekt Hofman, oan wa’t Anne altyd De Waarheid brocht en hiel faak krige er dêr in foai. By de kollekte setten wy Anne dêrom foaroan en wy krigen in ryksdaalder (mear as in euro)! In hiel kaptaal en de ûntbrekkende 12 gûne waard sponsore troch ús Koartsweachster doarpsgenoaten! Dan gie it op Wagenaar oan en wy waarden de grutske eigeners fan in echte learen bal (2). Mei in gummy binnenbal, dat wol!

 


4.

5.

Meer foto’sLaatste foto’s