Gorredijk

Terug naar boven

Wetterwille


 


1.

2. 


Foar it ferfier fan de turf binne yn de feangebieten yn Fryslân, Grinslân en Drinte in hiel soad sleatten, wiken, fearten en kanalen(1) groeven, mar doe’t se nei de fyftiger jierren oerstallich waarden binne der ek wer in soad tichtsmiten. Ik fyn it ôfgrysllik om te sjen, hoe’t se in grut stik fan de Tredde Wyk yn Ravenswâld, de Dwersfeart yn Koartsweagen(3) en it Zuiderdiep(4) yn Buinerveen fan in stikje natuer feroare hawwe yn in saai stik kultuer! Oan alle trije fearten ha ik ûnferjitlike oantinkens. Efkes de Dwersfeart om wie in regelmjittich werheljend kuierke oer it smelle paadsje foar in protte Koartsweachsters. Der wie altyd wol wat te sjen yn it wetter of yn de berm. Lokkigernôch leit der no noch in lyts stikje tusken de Nijewei en de boppedraai oer de Kompanjonsfeart. De wiken yn Appelskea Tredde Wyk (no Ravenswâld) hawwe foar myn ûntwikkeling hiel wichtich west, want fan moarns ier oant jûns let wiene se hiel tichtby my. Mem warskôge faak dat ik net te koartby komme moast, mar wat is no better om dat sels te ûnderfinen. Nei’t ik in pear kear kopke-ûnder gien wie, hie ik yn ‘e gaten hoe’t ik wol mei it wetter boartsje koe sûnder deryn te fallen. Doe makke ús heit ek angels en boatsjes foar ús Auke en my en sels in grut fangnet lykas buorman Sjoerd hie om fiskjes yn te fangen foar it poeren. Sneins foeren ús Auke en ik mei heit en mem yn ‘e kano troch de wiken en ik rûk noch de wetter- munt en sjoch de moaie barchjeblommen, pompeblêden en tsjokke toarnbeien en framboazen, dy’t boppe it wetter hongen. Wy lutsen de sieddoaskes fan de barchjeblommen en makken dêr thús mei lúsjefersprikjes moaie griene barchjes fan. Ik ha yn de wiken ek foar ’t earst mei in echt swimpak oan (2) besocht om it swimmen te learen en yn Koartsweagen slagge ik der op ’t lêst yn om selsstannich de Kompanjonsfeart oer te swimmen. Doe wie ik diplomearre en mocht ik allinne nei de “Lange Wyk” of “ it Jelle Kantsje” of gewoan by ús foar hûs swimme.Dan fongen wy ek faak reade ingeltsjes mei in sjempotsje. De earste slaggen fan de eale reedriderssport ha ik, efter in stoel, op de Tredde Wyk makke en dat wie it begjin fan in soad prachtig moaie tochten út Appelskea en Koartsweagen wei de wide wrâld yn. De feanfearten spilen yn de earste jierren fan ús houlik echt in wichtige rol, want ús leafdesnestje wie in moderne wenarke (“houseboat”), dy’t in hoart by de Koartsweachster brêge lein hat en in pear jier by de brêge yn Buinerveen(4) yn de Drintske feankoloanjes. Swimme wie doe, yn de sechtiger jierren, al net mear fertroud yn kanalen en wiken, mar reedride koe dêr wol goed. En dan fansels it útsjoch en de rêst dy’t doetiids útgie fan it wetter en it libben deryn en derop!.
 


3.

4.

Meer foto’sLaatste foto’s