Gorredijk
- Gorredijk Historie
- Gorredijk
- 17e eeuw en eerder
- SINTEKLAAS EN STEFFEN, OF IS IT STEFFEN EN SINTEKLAAS?
SINTEKLAAS EN STEFFEN, OF IS IT STEFFEN EN SINTEKLAAS?
..
Sa ein novimber sjogge wy hast altyd efkes op de telefyzje nei de oankomst fan Sinteklaas. En hoe moai it allegearre ek is, myn tinzen geane dan altyd mar werom nei De Gordyk. As bern leauwend oan de Sint stiene wy mei omtinken en al sjongend op de Molewâl te wachtsjen op de “Tjerk Hiddes”(1). Dat wie op dat stuit net de boat fan kaptein en stjoerman Steffen van der Werf(2), mar de boat fan Sinteklaas. Dy seagen wy allinne mar stean mei swarte Pyt en Steffen wy gewoanwei lucht foar ús. Krekt as de man fan de winkeliersferiening WHI, dy’t ek meastentiids oan board wie. Steffen is de lêste beurtskipper fan De Gordyk en hat de boat foar syn hûs oan de Tsjerkewâl lizzen. Hy skaait fan in geslacht skippers en skipsbouwers. Sûnt 1932 fêstige heit Bouke van der Werf him mei it 160 jier âlde famyljebedriuw op ‘e Gordyk en yn 1942 kaam de 18- jierirge soan Steffen by syn heit oan board Yn 1963 hold Van der Werf der mei op, doe’t in fêste brêge yn Aldeboarn kaam en hy út ‘e Gordyk wei Snits net mear berikke koe Fia Terwispel, De Tynje, Aldeboarn, Akkrum en Terherne gie it mei de “Tjerk Hiddes”oer de Snitser-mar mei grienten fan de túnders út De Gordyk en omkriten op de feiling yn Snits oan. Van der Werf ferfierde net allinne griente, mar ek drank fan Wenneker út Schiedam foar de firma Brons op ‘e Gordyk en izer foar de molkbussefabryk ( de kannefabryk) fan Jo de Jong, staven iis foar de fiskkeaplju en sekken kofje foar branderij Otter oan de Tsjerkewâl(3). Hy is ek wolris op in snein mei de fiskklup út farren west(4) en doe hie de “Tjerk Hiddes” fansels in spesjale lading oan board.Yn ‘e Ljouwerter krant lies ik koartlyn it stikje “Honderdachttien jaar oud schip haalt Sint in Gorredijk binnen”. Dêryn stiet dat Steffen mei syn “Tjerk Hiddes” Sinteklaas sûnt lange tiid efkes bûten De Gordyk oppikt en dan nei de haadbrêge fart .De lêste fiif jier hat soan Jan it stokje fan syn 93-jierrge heit oernaam. Yn it stikje fan de Ljouwerter stiet ek dat Sinteklaas en Steffen ûnderweis noch wolris ien efteroer sloegen en Steffen sei dêrfan: “As se my fan tefoaren fregen: binne der ek medisinen oan board, dan wist ik genôch. Dan koe de flesse iepen. Ien kear wie de Sint sa dronken dat er op syn hynder klom en der oan de oare kant wer ôfdondere.” Sokssawat bart hjoeddedei fansels net mear! Van der Werf brocht ek faak moal by myn skoanheit, bakker Arjen de Vries yn Koartsweagen. Doe’t ik Steffen ris op ‘e Gordykstermerk moete en fertelde dat ik mei in dochter fan bakker Arjen troud wie, sei er : “Dat wie in poerbêste keardel, dêr hoegde ik noait de swiere sekken it ljedderke op te sjou-wen nei de moalsouder, dat diene se sels. Ik krige as tank ek altyd noch in romerfol.”
Anne Veenstra